uBO Lite (uBOL) is in MV3-basearre ynhâldsblokkearder.

De standert regelset komt oerien mei de standert filterset fan uBlock Origin:

- Ynboude filterlisten fan uBlock Origin
- EasyList
- EasyPrivacy
- Peter Lowe’s Ad and tracking-serverlist

Jo kinne mear regelsets ynskeakelje troch de opsjesside te besykjen – klik op it _tântsjilpiktogram_ yn it pop-uppaniel.

uBOL is folslein deklaratyf, wat betsjut dat in permanint uBOL-proses foar de filtering net nedich is, en ynhâldsfiltering op basis fan CSS/JS-ynjeksje op in betroubere manier troch de browser sels útfierd wurdt yn stee fan de útwreiding. Dit betsjut dat uBOL sels gjin CPU-/ûnthâldboarnen brûkt wylst ynhâldsblokkearring aktyf is – it serviceworker-proses fan uBOL is _allinnich_ fereaske as jo mei it pop-uppaniel of de opsjessiden wurkje.
